20-jierrige Ljouwerter ferwûne fûn, plysje tinkt oan mishanneling

In man fan 20 jier út Ljouwert is sneintemoarn betiid ferwûne nei it sikehûs brocht. Omstanners fûnen him oan de Nijstêd yn Ljouwert en ha de plysje alarmearre. Dy wit net oft de man mishannele is of dat er sels fallen is.
Plysje logo © Omrop Fryslân
De man is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. De plysje freget tsjûgen om har te melden, om dúdlikheid te krijen oer hoe't de man krekt ferwûne rekke is.

Fjochtpartij yn hoarekagelegenheid

Letter yn de nacht hat de plysje in man fan 21 jier út de gemeente De Fryske Marren oanholden. Hy hie spul krigen yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier.
De portiers fan dat bedriuw ha de man en oare klanten de doar út set. De plysje oardielet dat man de iepenbiere oarder fersteurd hat. Hy mei de hoarekagelegenheid net mear yn. Itselde jildt foar in 21-jierrige Ljouwerter.