Suzanne Schulting diskwalifisearre op 1000 meter yn Montréal

10 nov 2019 - 07:18

Shorttrackster Suzanne Schulting hat har by de wrâldbekerwedstriid yn Montréal net foar de finale fan de 1000 meter pleatst. De olympysk kampioene kaam yn har heale finale wol as earste oer de streek, mar waard diskwalifisearre, omdat se net op har line bleau.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

In wike lyn wûn Schulting de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen op de 1000 meter noch. Dat wie yn Salt Lake City. No gie de winst nei Kim Boutin út Kanada.

Op de 1500 meter helle Rianne de Vries de heale finale. Nei in falpartij, wêrby't ek De Vries belutsen wie, waard de ôfstân opnij start. De Vries einige as fiifde yn har heale finale.

By de manlju waarden Itzhak de Laat (1000 meter) en Daan Breeuwsma (1500 meter) al betiid útskeakele. Dylan Hoogerwerf hie in bettere dei: hy helle de B-finale op de 1000 meter. Dêryn einige er as tredde, efter de Hongaarske bruorren Liu.

Ploege-efterfolging

Op de relay hellen de froulju de finale ek net. Schulting ried mei Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof en Xandra Velzeboer. Se waarden yn de heale finale tredde, efter Ruslân en Italië.

De manlju waarden yn de kwartfinale al útskeakele nei in penalty.

Op de mingde efterfolging gong it earst better: Schulting, Van Ruijven, De Laat en Breeuwsma hellen de finale. Dêryn leine se ek foarop, oant Schulting ûnderút gie. Uteinlik einige Nederlân as fjirde.

Snein ek noch

Snein is de lêste dei fan de wrâldbeker yn it Kanadeeske Montréal.

(advertinsje)
(advertinsje)