Trainer Johnny Jansen: "Ejuke wisselen? Nee, hij kan het verschil maken"

10 nov 2019 - 09:17

"Chidi kwam binnen en iedereen applaudisseerde voor hem." Dat sei trainer Johnny Jansen fan Sportklup Hearrenfean, nei't syn ploech sneontejûn mei 2-1 wûn fan Sparta Rotterdam. Chidera 'Chidi' Ejuke hie yn dy oerwinning, mei twa goals yn de slotfaze, in wichtich oandiel.

Chidera Ejuke spile yn de earste helte net al te bêst, mar Jansen woe him net wikselje. "Het komt wel voorbij dat je denkt, verdikkie, dat is vandaag niet goed genoeg, moet ie er af? Maar dan ga je met elkaar overleggen en dan zeg je: dat moeten we niet doen, hij kan het verschil maken."

"Op tafel te dûnsjen"

De Nigeriaan stie in oere nei de wedstriid noch op de tafel te dûnsjen, en krige noch in opdracht fan Jansen. "Hij moet straks eerst naar boven toe om een rondje te geven, en dan mag hij naar huis."

"Soms denk je, pass die bal een keer eerder. Dat dacht ik volgens mij ook bij de 2-1, leg die bal terug op mij", sei ynfaller Jordy Bruijn oer Ejuke. Dochs is de Nigeriaan wichtich foar de ploech. "Hij is altijd dreigend en gevaarlijk, dat is fijn."

Faak op 'e bank

Bruijn begûn it seizoen noch mei in basisplak, mar sit no faak op de bank. "Wat mij betreft kan ik er gewoon in, het is alleen de keuze van de trainer. Ik ben er altijd klaar voor."

Doelpuntemakker Ejuke wie nei ôfrin optein oer de wedstriid. "Mar net iens fanwegen de goals, mar omdat wy úteinlik wûn ha."

"Twadde helte mear geduld"

"Yn de earste helte ferlearen wy de bal faak omdat wy te hastich wiene om te skoaren. Yn de twadde helte hiene wy mear geduld", sa ferklearre Ejuke it ferskil tusken de twa helten. "De twadde helte wie hiel goed foar ús, wy joegen net op, wat der ek barde."

'Chidi' moast lang wachtsje op syn goal. "Ik hie in soad mominten dêr't de tsjinstanner flakby my sieten. Ik haw geduldich west en op it goeie momint wachte. Doe't dat kaam, bin ik derfoar gongen. En dat hat fertuten dien."

(advertinsje)
(advertinsje)