Aris net langer hikkesluter nei earste 'echte' winst

De basketballers fan Aris út Ljouwert hawwe sneontejûn Apollo Amsterdam ferslein. Yn sporthal it Kealledykje waard it 86-78 yn it foardiel fan de ploech fan Ferried Naciri.
© Aris Ljouwert
Aris begûn de wedstriid goed en pakte al gau in marzje fan tsien punten. Amsterdam kaam wol wat tichterby, mar it earste kwart einige úteinlik yn 20-15. Ek yn it twadde kwart hold Aris dy foarsprong fêst, oant in rêststân fan 39-37.
Nei it skoft luts Aris de goede line troch. It team boude de foarsprong stadichoan wer wat út oant 64-54 op it ein fan it kwart. Dy foarsprong joegen de Ljouwerters yn it lêste part fan de wedstriid ek net mear fuort en se wûnen úteinlik mei 86-78.

Earste winst

It wie de earste echte winst foar de Ljouwerters. Earder waard wol in reglemintêre 20-0 oerwinning op Leiden behelle. Troch de winst hellet Aris de Amsterdammers yn op de ranglist. De Ljouwerters binne dêrtroch net langer hikkesluter.