Bergsma mei machtige demarraazje nei maratonwinst op It Hearrenfean

Jorrit Bergsma hat sneontejûn de fjirde maratonwedstriid op It Hearrenfean op syn namme skreaun. De rider fan de Royal A-ware-ploech siet yn in kopgroep mei fiif oaren. Acht ronden foar de ein pleatste Bergsma de bepalende demarraazje. Dêr hiene de oaren gjin antwurd op. Crispijn Ariëns einige as twadde, foar Kevin Hoekstra.
Bergsma mei machtige demarraazje nei maratonwinst op It Hearrenfean
Healweis de wedstriid like de helte fan it peloton op wei nei in ronde foarsprong, mar dy foarsprong bleaun net yn stân. Dêrtroch kaam alles wer byinoar. By it peloton sieten, lykas by de froulju, in oantal langebaanriders. It gie om bygelyks Koen Verweij, Chris Huizinga en Kars Jansman.

Kopgroep

Op sa'n fyftich ronden foar de ein kaam der dochs in kopgroep. Seis manlju, mei de twa Friezen Jorrit Bergsma en Bart de Vries dêr by, pakten in ronde foarsprong. Se bleaune oer en giene op wei nei de finish. Bergsma gie acht ronden foar de ein fuort út de kopgroep. Dêrefter seagen de fiif oaren nei elkoar, wêrtroch't Bergsma de romte krige.
Ariëns besocht noch wol om it gat ticht te riden, mar hy slagge dêr net yn. Dêrtroch koe Bergsma op de finish de hannen yn de loft smite.