LDODK úteinset mei oerwinning tsjin promovendus KV Tempo

10 nov 2019 - 15:20

LDODK is it nije sealseizoen yn de Kuorbal League úteinset mei in oerwinning tsjin KV Tempo. Yn Alphen aan den Rijn waard it 20-25 yn it foardiel fan LDODK tsjin de promovendus.

De thúsploech begûn kreas oan de wedstriid en stie in skoft op foarsprong. Benammen Tempo-spylster Elma Schreuder wie op dreef mei seis goals, wêrfan fiif yn de earste helte. Tempo kaam op 9-5 foar, mar yn de lêste sekonden fan de earste helte koe LDODK troch in frije bal fan Lieneke Pries foar it earst in foarsprong pakke: 12-13. Dêrnei rûn de ploech fan De Gordyk flot yn de twadde helte út nei 14-18. Op 17-18 wie it noch efkes spannend, mar dêrnei pakte de ploech fan trainer Henk Jan Mulder de oerwinning.

Foto: LDODK

Acht doelpunten Zwart

Erwin Zwart makke mei acht goals de measte doelpunten foar LDODK. Oare skutters wienen Christian Dekkers (5), Marjolijn Kroon (4) en Marloes Frieswijk (4).

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League Tempo
(advertinsje)
(advertinsje)