Tristan Bangma moat trainingsskema baanseizoen omsmite fanwegen oanriding

09 nov 2019 - 21:14

Paralympysk hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek hat in foarse tebeksetter yn de tarieding op it nije seizoen. De hurdfytser en syn fytsmaat binne by in training oanriden troch in auto.

Foto: Omrop Fryslân

Op in krusing kamen se efter in buske wei en waarden skept troch in automobilist dy't harren dêrtroch net sjoen hie. De paralympysk fytser hat der swier kniesde ribben oan oerhâlden en rint dêrtroch behoarlike fertraging op yn syn tarieding. Syn fytsmaat hie gjin ferwûningen. Der wie ek behoarlike skea oan harren materiaal.

Trainingsskema oanpasse

Yn septimber waard Bangma noch wrâldkampioen op de dyk. No wiene Tristan en syn maat Patrick Bos yn tarieding op it baanseizoen. It trainingsskema moat no oanpast wurde. Bangma hat behoarlike pine, benammen by it sliepen.

Oer trije wike is de earste baanwedstriid yn Manchester. Neffens Bangma kin dy wedstriid wol helle wurde.

Tristan Bangma yn Sneon yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)