"Aksje fan supportersferiening Nieuw Noord hat grins oerskieden"

09 nov 2019 - 21:01

Supportersferieniging Nieuw Noord is te fier gien mei it ophingjen fan posters op It Hearrenfean en omjouwing. Dat fine de plysje en de gemeente Hearrenfean. De supportersgroep hat hûnderten posters ophongen, as protest tsjin de straffen dy't de gemeente en de plysje jûn ha nei oanlieding fan de wedstriid tsjin VVV Venlo.

Foto: Eigen foto

Op de posters docht de supportersgroep útspraken oer de yntegriteit fan meiwurkers fan de plysje en de gemeente Hearrenfean. Neffens de twa ynstânsjes giet dat fierstente fier, sa hawwe sy sneontejûn yn in ferklearring bekend makke. De posters binne yntusken fuort helle.

"Gemeente en plysje net objektyf"

De supporters fan Nieuw Noord ferwite de gemeente en de plysje dat se net objektyf binne. "Een medewerker van de gemeente die de zaken moet beoordelen en een medewerker van de politie die er bij was in Venlo hebben een relatie. Dan kun je dus nooit objectief zijn. Dat lijkt mij niet juist", neffens foarsitter Bart Jan Kuiper.

De supportersklup hat de nammen fan dizze minsken op de posters set, dy't no dus troch de gemeente en de plysje fuort helle binne.

Petear

Sawol de gemeente as de plysje hawwe oanjûn yn petear te gean mei Sportklup Hearrenfean en de supportersgroep fan Nieuw Noord.

(advertinsje)
(advertinsje)