Groenewoud twadde efter Schouten by maraton op Thialf

09 nov 2019 - 20:33

Marijke Groenewoud is twadde wurden by de fjirde maratonwedstriid fan it seizoen. Yn de sprint moast de Hallumse belies jaan tsjin Irene Schouten. Manon Kamminga einige as tredde op It Hearrenfean.

Om't der foar de langebaanriders gjin wedstriid is dit wykein, diene der ek ferskate froulju fan de langebaan mei. Under oaren Esmee Visser en Carlijn Achtereekte lieten harren foaroan sjen yn it peloton.

Fuortkomme slagge se net en datselde jilde foar bygelyks Kamminga, dy't gjin romte krige fan it peloton. Dêr soarge ûnder oaren Carien Kleibeuker fan de ploech fan Jillert Anema dat der gjin riders fuortkomme koene. Dat die fertuten want it kaam oan op in einsprint wêryn't Schouten, ek fan de ploech fan Anema, de rapste wie.

Klassemint

Francesca Lollobrigida bliuwt yn de liederstrui. Groenewoud hâldt de wite trui, foar de rapste jongere yn it klassemint.

(advertinsje)
(advertinsje)