'Chidi' besoarget Hearrenfean yn slotfaze trije punten tsjin Sparta

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen hûs in oerwinning pakt tsjin Sparta Rotterdam. Yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean waard it úteinlik 2-1 troch doelpunten fan Chidera Ejuke, nei't de Feansters lange tiid op in 0-1 efterstân stiene.
© Orange Pictures
SC Hearrenfean en Sparta stiene foar it duel ticht by inoar: Hearrenfean achtste en Sparta alfde, mei in ferskil fan twa punten. De histoaryske statistiken sprutsen wol yn it foardiel fan Hearrenfean. De Friezen wiene thús al tsien wedstriden ûnferslein en Sparta hat noch nea wûn yn it Abe Lenstra Stadion.

Iepeningsgoal Sparta

Rodney Kongolo tocht Hearrenfean yn de fjirde minút op foarsprong te setten. De middenfjilder ferlear de bal efkes yn it strafskopgebiet, wêrnei't in Spartaan de bal tsjin him oan skeat. Kongolo pleatste de bal dêrnei yn de linker hoeke, mar trochdat de bal syn earm rekke hie, moast skiedsrjochter Joey Kooij de goal ôfkarre.
Hoewol't Hearrenfean yn de begjinfaze fierwei it measte balbesit hie, wie it Sparta Rotterdam dat de iepeningsgoal makke. Abdoulrahmane Harroui sette de bal foar. Trochdat spits Lars Veldwijk Ibrahim Dresevic in triuwke joech, koe hy Sparta op foarsprong koppe: 0-1.
Fia Joey Veerman waard it hast fuort wer lyk. De middenfjilder koe in drege bal koppe, mar de bal waard troch in Spartaan ta hoekskop ferwurke. In pear minuten letter kaam ek rjochtsback Ricardo van Rhijn ticht by de lykmakker, doe't hy mei links úthelle. Syn skot rekke de latte. Hearrenfean gie dus mei in 0-1 efterstân it skoft yn.
© Orange Pictures
Yn it begjin fan de twadde helte like it spylbyld fan de earste helte omdraaid te wêzen. It wie foaral Sparta dat kânsen krige, wylst Hearrenfean it fan de kounter hawwe moast. Benammen Veldwijk waard gefaarlik. Hy kopte earst al in bal krekt neist en waard efkes letter mar krekt fan sjitten ôfholden troch Sven Botman.

'Chidi' draait it om

Nei twa wiksels waard Hearrenfean hieltyd gefaarliker. Bygelyks fia Van Bergen, dy't yn it strafskopgebiet de bal op Bruijn ôflei. Syn skot waard tsjinholden troch Harush. De bal kaam it fjild wer yn, rjocht foar de fuotten fan Chidera Ejuke, mar hy skeat de bal neist.
'Chidi' die it in minútsje letter in stik better. Hy krige de bal fan ynfaller Alen Halilovic en luts de sechtjin meter yn. De Nigeriaan kaam tusken trije ferdigeners te stean, mar koe wol úthelje en de bal op prachtige wize efter Ariel Harush lizze.
Ejuke wie op dreef, want fiif minuten skeat hy de Friezen ek op foarsprong. Hy gie opnij it strafskopgebiet yn, spile in ferdigener troch de fuotten en skeat de bal binnen: 2-1.

Oppasse

Hearrenfean moast dêrnei noch wol efkes oppasse, want Rayhi skeat krekt foar tiid noch hast de lykmakker binnen. Warner Hahn koe de bal gelokkich keare. Yn de lêste minuten krige Sparta noch trije hoekskoppen. Keeper Harush gie ek mei. Dêrtroch wie it doel hielendal iepen doe't Hearrenfean de bal nei foaren skeat. Ejuke pikte de bal op en skeat op de lege goal, mar hy skeat opnij neist.

Ranglist

Troch de winst klimt Hearrenfean nei it sechde plak op de ranglist. De Feansters kinne noch wol ynhelle wurde troch Willem II, dat snein tsjin PSV spilet.
SC Hearrenfean - Sparta Rotterdam 2-1 (0-1) 26. Veldwijk 0-1; 73. Ejuke 1-1; 79. Ejuke 2-1.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Kongolo (72/Halilovic), Faik (62/Bruijn), Veerman; Van Bergen, Odgaard (86/Høegh), Ejuke.