FIDEO: LDODK begjint sealseizoen tsjin KV Tempo

De Wedstriid fan de Wike wie it kuorbalduel tusken KV Tempo en LDODK. Yn Alphen aan den Rijn spile debutant Tempo thús tsjin LDODK syn earste wedstriid yn de Kuorbal League. Omrop Fryslân wie der mei in livestream by. Besjoch hjirûnder de folsleine wedstriid fan LDODK werom.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.