VC Snits pakt earste winst fan it seizoen nei ôfskied trainer Oosterhof

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn de earste oerwinning fan it seizoen behelle. Tsjin Talentteam Papendal waard mei 3-0 wûn.
© VC Sneek
It wie de earste wedstriid foar de Snitsers ûnder lieding fan Henriëtte ter Steege. Sy naam earder dizze wike it wurk oer fan Paul Oosterhof, dy't it trainerskip net mear kombinearje koe mei syn wurk as dosint.

Earste winst

Mei Ter Steege as nije trainer waard fuort de earste winst fan it seizoen behelle. Mei setstannen fan 14-25, 16-25 en 12-25 hie Snits net in soad muoite mei Talentteam Papendal.
Troch de winst klimt VC Snits ek fan it lêste plak fan de earedifyzje. De ploech stiet no achtste mei fiif punten út seis wedstriden.