Fryske filmmakkers winne Noorderkroon awards op Noordelijk Film Festival

10 nov 2019 - 10:38

De FryslânDOK 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' fan filmmakker Annet Huisman hat sneontejûn in Noorderkroon award yn de kategory koarte dokumintêre wûn, op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. De priis foar bêste spylfilm gie nei 'Mijn bijzonder rare week met Tess'.

De priiswinners fan de Noorderkroon - Foto: Xanne Wijkamp

Yn de dokumintêre 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' wurdt tweintich jier nei de moard op Marianne Vaatstra weromsjoen oan de hân fan dokuminten fan de yntusken ferstoarne Nettie Groeneveld, dy't doetiids direkteur fan it azc yn Kollum wie.

Bêste amateurfilm

Ek de film 'Bûtendyk' fan Geertrui en Sjoukje Visser wûn in Noorderkroon award yn de kategory bêste amateurfilm. De film giet oer harren 91-jierrige heit Tsjerk Visser fan Wierum, dy't noch hieltyd eltse wike op it fiskersskip fan syn soan Monte de see op giet.

Bêste spylfilm

De film 'Mijn bijzonder rare week met Tess' fan Steven Wouterlood wûn de priis foar bêste spylfilm. De sjuery neamt it in famyljefilm mei meardere lagen, dy't foar bern en âlderen moai is. De jonge haadrolspiler en de byrollen wurde priizge foar harren sterke aktearwurk.

Foto: Noordelijk Film Festival

Oare prizen wiene der foar 'The bastard' fan Floris-Jan van Luyn (bêste dokumintêre), 'The walking fish' fan Thessa Meijer (bêste koarte film), 'Loos' fan Tijo Westerhof (bêste studintefilm) en 'Zeemeerman' fan Nynke Spanjer (grutste jong talint). De dokumintêre 'Mevrouw Faber' fan Hjalmar Ilmer en Job Tichelman krige in earfolle fermelding.

De Noorderkroon awards binne foar ferskate films en ûnderwerpen oer en fan makkers út Fryslân, Grinslân en Drinte.

De priiswinnende koarte dokumintêre fan Annet Huisman, 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden: Notysjes fan in azc-direkteur'.

(advertinsje)
(advertinsje)