It opsetten fan bisten wurdt hieltyd populêrder

09 nov 2019 - 18:01

De meast bysûndere opsette bisten komme foarby op it NK bisten preparearjen yn it Natuermuseum yn Ljouwert. Mear as 140 bisten út it hiele lân wurde beoardiele troch in sjuery. It giet benammen om fûgels, mar der sitte ek seldsume bisten by. Ien fan de pronkstikken is de orang-oetan.

It is de fjirde kear op rige dat de lanlike kampioenskippen fan de Nederlandse Vereniging van Preparateurs yn Ljouwert organisearre wurdt. Neffens Jan Hout is it opsetten fan bisten de lêste jierren populêrder wurden.

"Natuur wordt een issue"

"Dat komt omdat de natuur in onze samenleving steeds meer een issue wordt. Je ziet het aan de protesten van afgelopen weken, maar wij merken het al een paar jaar. "

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by it NK bisten preparearjen

Nije wike sneon wurdt de winner bekend makke. Fan dan ôf is de tentoanstelling fan opsette bisten ek foar publyk te bewûnderjen.

(advertinsje)
(advertinsje)