Twa stabijhûnen fan Brenda út Tsjummearum al hast twa wiken fermist

09 nov 2019 - 17:27

Grut fertriet yn Tsjummearum. Brenda van den Burg en har man misse sûnt in skoftke harren twa hûnen Sem en Bo. It giet om twa stabijhûnen. Sa'n twa wike lyn, op 30 oktober, gie it mis.

Foto: Facebook Brenda van den Burg

Troch in fersin bleaune de skodoarren fan in loads op de pleats dêr't de famylje wennet iepen stean. De hûnen wiene yn dy loads. De twa, mem en dochter, naaiden út. Se giene it lân yn. It lêste dat Brenda wit is dat se de greiden yngiene rjochting Minnertsgea. Dêrnei hâldt eins it spoar op.

Noch net fûn

Der komme wol hieltyd tips binnen. Dêr gean Brenda en har man dan op ôf, mar oant no ta hawwe se de hûnen noch net fûn. Se binne der bot ôf troch de fermissing en hawwe in soad help. Se freegje elkenien út te sjen nei de twa bijkes, want se wurde bot mist.

Brenda van den Burg yn Sneon yn Fryslân

Brenda hopet dat der minsken binne dy't de hûnen no miskien opfange en net witte wêr't se dermei hinne moatte. De kâns dat de hûnen troch kweawoljenden meinommen binne, wol har net oan.

Halsbân om

De hûnen hawwe beiden in halsbân om mei dêryn it telefoannûmer fan de eigeners. Bo hat in read bantsje mei wite stippen, Sem in swarte mei wite stippen.

Der wurdt frege oan minsken te beljen as se de hûntsjes dy't swart wyt en middelgrut binne sjogge.

Trefwurden: 
hûn Tsjummearum fermist
(advertinsje)
(advertinsje)