Sneonsfuotbal: galafoarstelling fan Harkemase Boys tsjin HSV Hoek

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei op sportpark De Bosk mei leafst 6-0 wûn fan HSV Hoek. Yn deselde tredde difyzje ferlear ONS Snits mei 2-1 fan it sneonsteam fan Ajax. Yn de haadklasse gie VV Bûtenpost kânsleas ûnderút tsjin Staphorst: 0-3.
Harkemase Boys 6-0 tsjin Hoek
Nei tsien minuten fuotbal kaam Harkemase Boys op foarsprong troch Jesse Renken. Efkes letter ferdûbele Curty Gonzales de skoare. Yn de 23ste minút soarge Robert Stelpstra foar it tredde Harkemaster doelpunt en krekt foar it skoft skoarde Henny Bouius noch de 4-0. Yn de twadde helte bepaalden doelpunten fan Stelpstra en úteinlik Berwout Beimers de einútslach: 6-0.
© Orange Pictures
ONS Snits ferlear sneontemiddei mar krekt fan de amateurs fan Ajax. Dy kamen yn de earste helte op in 1-0 foarsprong. Jelle de Graaf sette ONS wer njonken de Amsterdammers, mar in doelpunt fan Ricardo Fransberg yn de slotfaze stelde de oerwinning foar Ajax dochs feilich.
Yn de haadklasse hie VV Bûtenpost net folle kâns tsjin Staphorst. In eigen doelpunt fan Jelmer Vos betsjutte al gau in efterstân. Twa doelpunten fan Staphorst soargen úteinlik foar in 3-0 oerwinning foar de thúsploech.