Kelvin de Ruiter wol de bêste 'strongman' fan de wrâld wurde

09 nov 2019 - 16:19

Sterke man Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is wis fan doel nije wike de sterkste 'strongman' fan de wrâld te wurden. De sterke man stiet boppe-oan yn de Champions League en makket ek in hiel goede kâns om de einstriid en dus de titel binnen te heljen.

Oer in rige fan fyftjin wedstriden, dy't yn alle parten fan de wrâld hâlden wurde, stride de tolve sterkste manlju fan de wrâld om de prestizjeuze titel. De finale soe yn Meksiko wêze, mar is ferpleatst nei Portugal. It hiele seizoen giet it al goed mei de krêftpatser dy't 165 kilogram swier is en tusken de seistûzen en sântûzen kilokaloryen deis nei binnen wurket, bygelyks in pak brinta deis.

Motivaasje

Hy waard al Nederlânsk kampioen sterke man en wrâldkampioen truckpull, oftewol frachtweinlûke. De start fan it seizoen wie dramatysk, mar joech de ynwenner fan Surhústerfean ek motivaasje. Syn heit stoar oan it begjin fan it seizoen. Hy woe sa graach dat Kelvin Nederlânsk kampioen wurde soe.

Foar De Ruiter wie it reden om as earbetoan oan syn heit noch mear te trainen en alles der út te heljen wat der yn siet. Dêrtroch waard hy de sterkste man fan Nederlân en giet it ek hiel goed yn de Champions League. Nei fjirtjin wedstriden hat hy 114 punten helle. De nûmer twa hat 79,5 punten, in grut ferskil dus.

Meardere ûnderdielen

Dat wol noch net sizze dat de finale yn Portugal mei twa fingers yn 'e noas dien wurde kin. Alle wedstriden binne der oare ûnderdielen. Dêr hinget ek in protte fanôf. It iene leit De Ruiter better as it oare en dat jildt ek foar syn konkurrinten. Mar hy is wol fol fertrouwen oer de goede ôfrin.

Kelvin de Ruiter

Mei de sterke man wedstriden en ek de ynternasjonale wedstriden fertsjinje de dielnimmers net in soad jild. It kostet eins allinnich mar jild. De Ruiter moat der dus gewoan by wurkje. Dat is in drok bestean. "Libje as in non", sa seit hy. "Opstean, wurkje, ite, traine, sliepe en wer opstean."

Fan Ruslân oant Dubai

Seker de Champions League wedstriden easkje in protte tiid. De wedstriden binne fan Ruslân oant Dubai. Dan is it reizgjen in behoarlike oanslach. Mar De Ruiter hat it der wis foar oer, hielendal no't it sa goed giet.

De finalewedstriden binne 16 en 17 novimber yn Portugal.

Snein yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio wurdt omtinken jûn oan de tocht fan Kelvin de Ruiter nei de finalewedstriden yn Portugal. Buro de Vries is der snein tusken 11.00 en 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)