In blik efter de Berlynske muorre yn Grou

"We hawwe in lyts Checkpoint Charlie hjir te stean. It is net hielendal gelyk, dêrom hjit it ek Checkpoint MBB", sa seit lokaasjemanager Roelof van Gelderen fan Museum Bescherming Bevolking yn Grou. De yngong fan syn museum sjocht der fan dit wykein ôf folslein oars út.
In blik efter de Berlynske muorre yn Grou
Sa is der in slachboom, in wachthokje, sânsekken en stikeltried. En dêrefter in Amerikaanske soldaat. Oanlieding is de fal fan de Berlynske muorre no krekt 30 jier lyn. Yn en om it museum binne tal fan saken te finen dy't ferbûn binne mei de muorre dy't ea stie tusken East- en West-Berlyn, mar benammen ek mei it libben efter dy muorre.

Eardere bunker

It museum is fêstige yn de eardere bunker dy't yn de Kâlde Oarloch tsjinst die as skûlplak foar it provinsjebestjoer, foar as de Russen oanfalle soene. "We binne dus al hiel bot ferbûn oan dy tiid, dus dit momint koene we net oan ús foarbygean litte", sa seit Van Gelderen.
Yn de ôfrûne moannen hawwe se tal fan saken sammele dy't spesifyk mei East-Dútslân te krijen hawwe. Sa leit der bûten in patrûljeboat fan de DDR-marine en stiet der sels in stikje fan de muorre. En dy muorre komme je ek binnen wer tsjin.

Stasi-unifoarmen fan Marktplaats

Op in grut doek is in foto fan de Berlynske muorre ôfdrukt. Sa skerp dat je de teksten dy't der op steane lêze kinne. Sa stiet der bygelyks de Nederlânske tekst "de Chinese muur was mooier" op te lêzen. Yn de kantine fan de bunker sit sels in stasi-offisier kofje te drinken.
Frijwilliger Siete Meeter fan it museum kaam de unifoarmen tsjin op Marktplaats. "Je moatte der efkes om sykje, mar alles is der te krijen. Dit unifoarm moast earst 160 euro kostje. Dat wie my eins wat te djoer. Dus doe frege ik oft der wat medaljes ôfkoene. Dat koe wol en doe wie it noch mar 100 euro."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
En sa binne der mear bysûndere saken te sjen fan achter de muorre. "We wolle net allinnich mar sjen litte wat der ferkeard wie oan de DDR, mar ek wat der goed gie. Sa hie elkenien wurk en wie der in sosjaal fangnet", seit Van Gelderen.
"Dêr is eins te min omtinken foar. De bunker yn Grou is fanwegen de útstalling oant en mei 5 jannewaris ekstra faak iepen.
Harkje nei de reportaazje
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga