Kontenerbrân en messeswaaier

12 nov 2011 - 12:07
Foto: Omrop Fryslân

Yn Drachten is freedtenacht op 'e nij in kontener yn de brâns stutsen. De kontener stie tsjin in stek by in hûs oan de Engwerd. It stek gie ek ferlern, wylst in rút fan de skuorre troch de waarmte stikken gie. De plysje siket tsjûgen.

In 26-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden nei't er op de Oosterkade mei in mes rûn te swaaien. In tsjûge warskôge de plysje, dy't de man op de Nijstêd oanhold. De man hie it mes yn 'e bûse. Hy koe him ek net identifisearje.

(advertinsje)
(advertinsje)