Danny Noppert begjint Grand Slam of Darts mei nederlaach

09 nov 2019 - 15:00

Danny Noppert fan De Jouwer is sneontemiddei op de Grand Slam of Darts mei in nederlaach begûn. Yn de earste pûlwedstriid fan it telefyzjetoernoai ferlear de 28-jierrige darter mei 5-4 fan Ryan Harrington út Ingelân.

Foto: Orange Pictures

De earste leg gie nei Ryan Harrington, mar Noppert makke mei in 11-darter fuortendaliks lyk. De folgjende seis legs giene allegear mei de darts mei: 4-4. Yn de beslissende leg begûn de Ingelskman mei trije trippels en smiet hy fia de dûbel tolve de wedstriid út. De gemiddelden fan de wedstriid wiene goed, mei Noppert op 95 en Harrington krekt wat leger.

Sneintemiddei moat Danny Noppert wer yn aksje komme op de Grand Slam of Darts. Dan spilet hy tsjin de ferliezer fan de oare pûlwedstriid fan sneontemiddei.

(advertinsje)
(advertinsje)