HEA! 45 jier by deselde baas

09 nov 2019 - 14:15

Rinske Vogt fan De Westereen hat hast 45 jier by deselde baas wurke, mar no is it klear. Se is har karriêre begûn by de kassa. Nei ferskate ôfdielingen hat se no in fêst plak op de tsiis- en fleisguodôfdieling. Se hat in prachtige tiid hân en sjocht der as in berch tsjinoan om op te hâlden. "It is in stik fan je libben, mar ien kear moat it der fan komme."

(advertinsje)
(advertinsje)