Supportersklup Nieuw Noord fan SC Hearrenfean protestearret tsjin stadionferbod

09 nov 2019 - 12:26

Supportersferieniging Nieuw Noord hat hûnderten posters ophongen op It Hearrenfean en yn de omjouwing. It is in protest tsjin de straffen dy't de gemeente en de plysje jûn ha nei oanlieding fan de wedstriid tsjin VVV Venlo. It giet om posters mei de tekst "Ineke houdt van straf" en "Jan Kraak vertelt sprookjes".

Foto: Eigen foto

Neffens Nieuw Noord binne der ûnterjochte straffen útdield. 31 supporters krigen in stadionferbod, om't de fans de ferplichte rydrûte net folgen yn de útwedstriid tsjin VVV Venlo. Mar neffens foarsitter Bart Jan Kuiper fan Nieuw Noord binne al dy 31 stadionferbodden omset yn warskôgingen. "Dat is op zich heel mooi, maar het is niet de eerste keer dat supporters onterecht gestraft worden."

Foarsitter Bart Jan Kuiper fan Nieuw Noord

Neffens de plysje en boargemaster Tjeerd van der Zwan wiene 31 supporters yn seis buskes fan de rûte ôfwykt en telâne kaam by de kroech fan de hurde kearn fan VVV Venlo. Kuiper: "Dat klopt dus niet. Deze supporters zaten in een café buiten Venlo, zoals ze wel vaker doen. Daarna zijn ze onder begeleiding van politie naar het stadion gereden. 500 meter van het stadion werden ze aangevallen door fans van VVV. Eén busje is doorgereden, vier andere busjes bleven staan en de supporters bleven zitten in de bus. Van één busje weten we dat ze uitgestapt zijn en de confrontatie zijn aangegaan. Dat laatste is niet goed te praten uiteraard."

Weromdraaid

Kuiper fynt net dat de supporters dy't neat dien ha, fuort straft wurde moatte. De 31 supporters krigen in stadionferbod fan fjouwer wiken, 7 dêrfan waarden al gau weromdraaid. No de oaren dus ek. "Supporters moeten niet eerst gestraft worden en dan pas beoordeeld."

De 31 supporters ha no in warskôging krigen. "Dat lijkt mooi, maar zoiets komt waarschijnlijk ook weer in een dossier. Dan heb je niks verkeerd gedaan, maar wordt er wel een dossier opgebouwd. We laten nu aan de individuen over of ze nog tegen deze waarschuwing ingaan."

Boppedat ferwite se de gemeente en de plysje dat dy net objektyf binne. "Een medewerker van de gemeente die de zaken moet beoordelen en een medewerker van de politie die er bij was in Venlo hebben een relatie. Dan kun je dus nooit objectief zijn. Dat lijkt mij niet juist." De supportersklup hat de nammen fan dizze minsken op de posters set.

(advertinsje)
(advertinsje)