LIVE: It OMF Konsertkonkoers yn Drachten

09 nov 2019 - 18:07

It konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) is sneon live te folgjen by Omrop Fryslân. Yn De Lawei yn Drachten stride njoggen orkesten yn ferskate difyzjes om de punten. It konkoers is fan 13.55 oere ôf op dizze side te sjen.

It programma:

  • 14.00 oere Festival difyzje
  • 14.35 oere 5e difyzje
  • 15.05 oere 4e difyzje
  • 16.15 oere 3e difyzje

Oanslutend op it konkoers spilet de fanfare Beatrix út Doezum ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar it wurk 'Van Toeten en Blazen'.

Koperkanaal

By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra-eveneminten, lykas it OMF Konsertkonkoers, it YouTube-kanaal, de online radiostjoerder Koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).

(advertinsje)
(advertinsje)