Omrop TIP: As myn filmhert in kompas wie

09 nov 2019 - 11:23

It Noordelijk Film Festival belibbet dit jier syn 40e edysje. Ien fan de Fryske films dy't fertoand wurde, is de Fryslân DOK As myn filmhert in kompas wie fan Annet Huisman. Se praat dêryn mei ûnder oaren programmeur Fredau Buwalda fan it NFF. De dokumintêre gie freed yn premjêre op it filmfestival yn Ljouwert.

Programmeur Fredau Buwalda is op it filmfestival yn it Noarske Haugesund, om foar Ljouwert de bêste noardlike films te finen. It jubilearjende festival hat de lêste jierren ommers keazen foar in noardske fokus.

Skandinavië blykt hiel suksesfol yn it ûntwikkeljen en 'vermarkten' fan har eigen sinema. Kin it noarden fan Nederlân dêr wat fan leare? Mar foaral: wêryn ûnderskiedt dy noardlike sinema him? Sprekke dizze films spesifyk noarderlingen oan, of net? Fragen dy't sels foar de filmmakkers yn Haugesund noch net sa maklik te beäntwurdzjen binne.

Filmprogrammeur Fredau Buwalda yn petear mei Noarske filmregisseur - Foto: Omrop Fryslân

Adwin de Kluyver, skriuwer fan it boek 'Het gedroomde noorden' en programmeur fan it noardlikste filmhûs yn Nederlân, Podium Vlieland, bûcht him deroer. Yn Fryslân litte filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra har ljocht skine oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

Adwin de Kluyver - Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân DOK 'As myn filmhert in kompas wie' gie yn premjêre op it Noordelijk Film Festival. Sjoch hjir foar de data en tiden. Freed wie it de filmtip fan de Fryske regisseur Bart Dokter.

De film is ek op telefyzje te sjen. Sneon 9 novimber by NPO2 om 15.30 oere (mei Nederlânske ûndertiteling). Snein 10 novimber stjoert Omrop Fryslân de film út fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)