Filmtip Noordelijk Film Festival: The 48 Hour Film Project Leeuwarden

09 nov 2019 - 10:22

Yn Ljouwert kinne filmleafhawwers oant en mei snein 10 novimber wer harren hert ophelje op it jierlikse Noordelijk Film Festival. Alle dagen fan dit festival jout de Fryske regisseur Bart Dokter in filmtip. Dizze sneon diel 4 mei 'The 48 Hour Film Project Leeuwarden'.

Foto: Noordelijk Film Festival & Lars Hoekstra

"Mijn filmtip voor vandaag is The 48 Hour Film Project Leeuwarden, ik organiseer dit namelijk sinds 2013. Het is geweldig als je bedenkt dat de films die je daar ziet, allemaal in een tijdbestek van slechts 48 uur zijn gemaakt. Daarnaast staan wij, als 48-organisatie, hier ook stil bij de eerder dit jaar overleden Pieter Verhoeff op onze eigen manier. Komt dat zien!

Ook worden vandaag verschillende films van Pieter Verhoeff gedraaid op 35 mm film in het oude Filmhuis (nu omroep Leo). Een must see voor de echte filmfanaat om tal van redenen dus."

The 48 Hour Film Project Leeuwarden - In wykein fol bloed, swit en triennen wie it op 2 en 3 novimber. Alle teams dy't meidiene oan it 48 Hour Film Project Leeuwarden moasten yn twa dagen harren films meitsje. Dizze films wurde op sneon 9 november fertoand yn De Harmonie yn Ljouwert. Alle ynstjoeringen binne yn twa groepen yndield, groep A en groep B. Groep A is te sjen om 17.00 oere en groep B om 19.15 oere. Om 21.00 oere is de priisútrikking, ek yn De Harmonie.

(advertinsje)
(advertinsje)