Kollum: "D66-skoallereiske? Plovdiv!"

09 nov 2019 - 08:49

"Ha jim wolris yn Bulgarije west? Grutte kâns dat dat net sa is. Ik hie der ek noch nea west. Bulgarije hat net in goed imago. We fleane leaver nei it Turkije fan de nijste ynternasjonale diktator Erdogan, of nei Spanje, dêr't de Katalanen troch de reginten yn Madrid aardich de kneppel oer de lea krije. Of we geane noch altyd mei it heale lân nei it Frankryk fan de nije sinnekening Macron, dy't de giele heskesbeweging ek net al te sêftsinnich behannele hat.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Hiel nuver, mar ek wol minslik. Onbekend maakt onbemind, seit it sprekwurd. Want wat witte wy no oer Bulgarije? Wat ha jim der yn de skiednislessen op de basisskoalle oer meikrigen? Earlik sein ha ik net folle oars leard as dat Sofia de haadsted is. Dat wie by topografy.

As ik jim no freegje soe om nochris wat oer Bulgarije te fertellen, tink ik dat it aardich stil wurde soe. Wisten jim wol dat de kulturele haadstêd fan dit jier yn Bulgarije leit? Ja, in lyts incrowd-klupke LF2018 hardliners sil der miskien west ha, mar as ik de measte gewoane minsken freegje soe, tink ik net dat se it opdreune koenen.

Bulgarije leveret mei Plovdiv de kulturele haadstêd fan dit jier. Plovdiv is in hiele âlde stêd, ien fan de âldsten fan Europa. Yn it sintrum sjogge je hjir en dêr wat uteringen, mar oerweldigjende banieren binne der net. As je fan Sofia nei Plovdiv ride, is der ûnderweis mear reklame foar wurklean en Stihl-kettingseagen te sjen op de talrike reklamepeallen oan de kant fan de dyk. De reklame foar kulturele haadstêd beheint him ta de âlde binnenstêd. Dêr't trouwens in pear geweldich nijsgjirrige saken binne.

Ik wit net oft jim de film Ben Hur ea sjoen ha, dy't mei sa'n Romeinske hynstekarre oer in racebaan fleach? Sa'n baan leit ek yn Plovdiv. Der wie ea plak foar 30.000 minsken op de tribune. No net mear, want se ha der letter it nijere Plovdiv boppe-op boud. Der binne no parten wer opgroeven en troch moaie makettes kinne je sjen dat ûnder de nijmoadrige winkels, dêr't no de tassen fan Gucci ferkocht wurde, ea hynders haren rûntsjes draafden.

Hjir wie it spultsje fan Geef het volk brood en spelen dus ek al hiel lang bekend. Foar de hardcore ynwenners yn de earste iuw nei Kristus wie der ek in amfiteäter, ik wol net iens witte wat se der allegearre útfretten ha, mar ik kin my eat yntinke mei gladiatoaren en wylde bisten dy't honger hienen. No is it in geweldich argeologysk bewarre teäter dêr't foarstellings yn it ramt fan KH-Plovdiv plakfine.

Foar it oare is Bulgarije in lân mei grutte ferskillen yn earm en ryk. In middenklasse is der hast net. Of je ride yn in Audi A8 mei alle opsjes, of je ha in baantsje as nachtportier foar in pear tientsjes en begjinne moarnsier fleurich oan je twadde baan as besoarger fan medisinen. Op de fyts...

Mar dit is noch neat. Wy yn Nederlân meitsje ús nochal drok oer stikstof. Guon radikalen út D66-hoeke pleitsje foar it fermoardzjen fan de helte fan alle fee en dêrmei ek it ombringen fan alle banen dy't dêr omhinne hingje en mei anneks binne.

Ik soe Tjeerd de Groot en syn folgelingen eins ferplichtsje wolle om in reiske nei Sofia en Plovdiv te plannen. En dan meie se mei hynder-en-wein troch in pear lokale sigeuners dwerstroch alle wenwiken riden wurde, wylst se oars net dwaan meie as it tellen fan de airco's oan de apparteminten. Yn Sofia wenje rûchwei ien miljoen ynwenners. As je foarsichtich begrutsje dat der twa yn elts appartemint wenje, betsjut dat likernôch 500.000 airco's, want hast oan elts hûs hinget dêr ien. Foar Plovdiv is dat prosintueel itselde ferhaal, allinnich in pear minder yn absolute getallen.

Dy dingen draaie net op liedingwetter of pûstertrapers. En dit binne mar twa stêden yn Bulgarije. Litte we ús no net langer oanprate dat Nederlân mei syn 17 miljoen ynwenners yn in matich seeklimaat de grutte fersmoarger fan de ierde is. Kom bygelyks mar ris nei Bulgarije om airco's te tellen. En as je der dochs binne: te genietsjen fan it moaie dat der te sjen is."

(advertinsje)
(advertinsje)