Frachtauto mei sipelskilen útbrând by Ychtenbrêge

09 nov 2019 - 08:21

In frachtwein is sneontemoarn útbrând op de Koopmanwei by Ychtenbrêge. De brânwacht fan Ychten waard om sân oere hinne alarmearre en ek in twadde korps út Skerpenseel waard oproppen. Doe't se oankamen, stie de frachtwein al folslein yn 'e brân.

Foto: De Vries Media

In oanhinger koe noch gau loskeppele wurde. De frachtwein ferfierde sipelskilen. By de brân is net ien ferwûne rekke, mar de frachtauto kin as ferlern beskôge wurde.

It is net bekend hoe't de brân ûntstie.

Trefwurden: 
brân frachtwein Ychtenbrêge
(advertinsje)
(advertinsje)