Fûgelwille Jobbegea grutsk op 50-jierrich bestean

09 nov 2019 - 07:44

Fûgelferieniging Fûgelwille yn Jobbegea bestiet fyftich jier. Dit wykein hâlde sy in jubileumtentoanstelling yn de sporthal fan it doarp. Yn totaal binne der 225 fûgels te besjen, tafallich krekt itselde oantal as by de earste show in heale iuw lyn.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De tiden binne feroare foar de fûgelklups. De lêste jierren hawwe alle fûgelferieningen yn Fryslân it lestich troch it weromrinnende ledetal. Foarsitter Piet van der Tuin fan Fûgelwille is lykwols tefreden: "We ha even in minne perioade hân, mei finansjele problemen. Dêrom binne we ek grutsk op dizze show. We ha yn ús feriening kundige leden dy't sels op lanlik nivo meidogge."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wol is it mar de fraach oft fûgelferieningen lykas dy yn Jobbegea nochris fyftich jier bestean sille. In soad ferieningen fergrize en bistewolwêzenspartijen fine it mar neat dat dy fûgels somtiden trije dagen opsletten sitte yn lytse hokjes. Dat lêste kin Van der Tuin him wol begripe. "Ik fyn it hielendal net goed dat fûgels lang op in show steane. Ik ha it leafst ek ien of twa dagen. Langer moat in fûgel net fan hûs wêze."

Neffens him leit de takomst by it gearkommen fan ferskillende ferieningen. Dan binne der miskien minder shows, mar binne de ferieningen wol grutter en steane der ek mear fûgels. "En dan wurde de shows koarter, mar foar de leafhawwer is dat like moai!"

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de fûgelshow fan Fûgelwille yn Jobbegea

(advertinsje)
(advertinsje)