Swierbefochten oerwinning foar sealfuotbalsters Drachtster Boys yn Grins

08 nov 2019 - 22:56

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn wûn fan Drs. Vijfje. Yn Grins waard it 4-3 foar de Friezinnen.

Sealfuotbalsters Drachtster Boys by de warming-up - Foto: Twitter: Drachtster Boys/HR Piping Vr.1

De Friezinnen kamen op foarsprong troch in doelpunt fan Jessie Prijs. Sy skeat fanút in yntraap yn de fiere hoek raak. Efkes letter waard it 2-0 troch in goal van Esther van Toledo. Nei in goede ien-twa mei Rianne Mulder koe Van Toledo skoare.

Krekt nei it skoft like Lisanne Kempe de wedstriid te beslissen. Yn in ien-op-ien situaasje mei de keepster fan Drs. Vijfje faalde sy net: 3-0.

Drs. Vijfje jout net op

Troch in penalty kaam de Grinzer ploech lykwols werom yn de wedstriid: 1-3. Vesna Veltrop makke der tsien minuten letter sels noch 2-3 fan.

De marzje waard troch in doelpunt fan Prijs, dy't nei in assist fan Van Toledo hurd raak skeat, wer twa. De ploech út Grins kaam lykwols noch wol wer werom troch in goal fan Tessa Peters. Sy bepaalde de einstân op 4-3.

Twadde plak

De Drachtster Boys steane mei fyftjin punten út sân wedstriden op it twadde plak yn de earedifyzje. De Fryske ploech komt pas op 22 novimber wer yn aksje yn de kompetysje. Dan is yn eigen hûs Reiger Boys/Woest de tsjinstanner.

(advertinsje)
(advertinsje)