UNIS Flyers mei romme sifers foarby Zoetermeer Panters

08 nov 2019 - 22:37

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn mei 5-2 wûn fan Zoetermeer Panters. Yn it iisstadion op It Hearrenfean wie de thúsploech folle better as de besikers út Súd-Hollân.

Foto: Martin de Jong

De earste goal foar UNIS Flyers kaam fan Trevor Hunt. Yn de twadde perioade wie it Trevor Petersen dy't in rebound binnen wurkje koe: 2-0. Nei in kombinaasje tusken Bezák en Wurm skoarde dy lêste de 3-0 foar de Flyers. Efkes letter kaam ek Zoetermeer op it skoareboerd troch Turpijn.

Krekt foar de ein fan de twadde perioade wreide Nordemann de foarsprong út nei 4-1. Yn de slotfaze fan de wedstriid op It Hearrenfean skoarde Bezák noch foar de Flyers. Foar Zoetermeer makke Kocsis noch in doelpunt, mar foar de wedstriid makke dat net mear út.

Sneintejûn komt UNIS Flyers wer yn aksje. Dan moat de ploech ôfreizgje nei Herentals (by Antwerpen) yn België foar in wedstriid tsjin de kampioen fan foarich seizoen yn de BeNeLeague.

(advertinsje)
(advertinsje)