Cambuur bliuwt mei winst op Roda JC koprinner yn earste difyzje

08 nov 2019 - 21:51

Sportklup Cambuur hat freedtejûn yn Kerkrade mei 2-1 wûn fan Roda JC. Yn de wedstriid yn it Parkstad Limburg Stadion, dy't in skoft lykop gie, pakte Cambuur troch in doelpunt fan Robert Mühren úteinlik de oerwinning. It is foar it earst yn 'e skiednis dat Cambuur yn Kerkrade wint fan Roda JC.

Foto: Orange Pictures

Al yn de fiifde minút fan it duel yn Kerkrade kamen de Ljouwerters op foarsprong. Robin Maulun lei de bal kreas klear foar Jamie Jacobs, dy't keeper Tom Muyters fan Roda JC fersloech: 0-1. Nei it doelpunt bleau Cambuur driigjend. Meardere lytse mooglikheden giene ferlern, wêrnei't de thúsploech yn de 34ste minút út it neat op likense hichte kaam. Ike Ugbo skoarde út in frije traap fan Jordy Croux.

Yn de twadde helte ûntsnapte Cambuur oan in efterstân yn it Parkstad Limburg Stadion. Niels Verburgh koe frij foar de goal ynsjitte, mar de bal gie krekt oer de latte. Noch gjin minút letter krige de ploech fan Henk de Jong in grutte kâns, mar Issa Kallon knalde de bal op de peal.

Mühren beslissend

Ek de slotfaze fan de wedstriid bleau spannend. Doelpuntemakker Ugbo krige tweintich minuten foar de ein wer in grutte kâns; keeper Stevens fan Cambuur wie lykwols by de les. Yn de 78ste minút kamen de Ljouwerters wer op foarsprong. Ut in foarset fan Kallon sette Robert Mûhren de 1-2 op it skoareboerd. Dat doelpunt wie úteinlik beslissend, hoewol't Roda der yn de lêste minuten noch wol tichteby wie.

Roda JC - SC Cambuur 1-2 (1-1) 5. Jacobs 0-1; 34. Ugbo 1-1; 78. Mühren 1-2.

Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa (58. Bangura); Jacobs, Hoedemakers, Maulun (84. Akoy); Antonia (75. Paulissen), Mühren, Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)