Twa Fryske hoarekagelegenheden by tsien bêste learbedriuwen

08 nov 2019 - 21:28

Brasserie de Koperen Kees út Snits en 't Havenmantsje út Harns hawwe de top tsien berikt fan de wedstriid Bêste Learbedriuw Hoareka. De Stichting Vakbekwaamheid Horeca (SVH) hat de beide Fryske hoarekabedriuwen keazen út in lanlike list fan 150 dielnimmers.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It opliedingsklimaat, de belutsenens fan it learbedriuw by de learling, de fyzje op it oplieden en it opliedingsplan binne punten dêr't de SVH op beoardiele hat. Kommisjeleden fan de SVH sille dizze moanne op besite by de tsien nominearre bedriuwen.

De learbedriuwen krije dan de opdracht de kommisjeleden te behanneljen as learlingen op harren earste dei. Yn desimber wurdt bekend hokker fan de tsien bedriuwen by de top trije komme sille. De winner fan it bêste learbedriuw en de winnende learmaster wurde bekend makke by de Horecava 2020 yn Amsterdam.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by De Koperen Kees yn Snits

Trefwurden: 
hoareka ferkiezing
(advertinsje)
(advertinsje)