Johnny Jansen: "SC Heerenveen en Sparta lijken op elkaar"

08 nov 2019 - 20:32

Mitchell van Bergen is fit genôch om te begjinnen tsjin Sparta Rotterdam. De fleugeloanfaller hie hamstringklachten oprûn yn it bekerduel mei Excelsior Maassluis. Yn de warming-up foarôfgeand oan it kompetysjeduel mei ADO Den Haag waard besletten dat hy net meidwaan koe.

Van Bergen hat dizze wike wer mei de groep meitraind en is folslein wersteld. Alen Halilovic sit dêrtroch wer op de bank. It is de iennige wiziging dy't Johnny Jansen oanbringe sil yn syn basisalve.

De lêste twa wedstriden tsjin FC Grins en ADO Den Haag hat Hearrenfean "mar" twa punten opsmiten en dus moat der fan Sparta wûn wurde. Johnny Jansen ferwachtet in drege wedstriid, benammen omdat it spultype fan beide ploegen fergelykber is.

"Sparta heeft een goede verdediging staan en vanuit de counter willen ze dan toeslaan", neffens Jansen. "Ze hebben twee snelle spitsen, bovendien hebben ze spelers op het middenveld die goed bijsluiten. Met Bryan Smeets hebben ze een speler die de mensen goed kan bedienen. En dat hebben wij natuurlijk ook. Wij hebben ook snelheid voorop en mensen die de spitsen kunnen bedienen."

Folop yn ûntwikkeling

SC Hearrenfean is ien fan de jongste ploegen fan Europa; de ploech is folop yn ûntwikkeling. Benammen ferdigenjend hat de ploech in enoarme stap makke. Nei Ajax en AZ hat SC Hearrenfean de minst passearre ferdigening fan de earedifyzje. In grut kontrast mei ferline seizoen. Jansen is dêr wiis mei, mar dochs sjocht hy ek genôch ferbetterpunten.

"In de counter zijn we goed, maar op het moment dat je een counter niet door kunt zetten, moeten we leren de bal te houden en van daaruit weer een aanval creeëren. Maar ik moet ook gewoon heel blij zijn met wat we tot nu toe laten zien, alleen als trainer wil je altijd beter."

Ik weet wat ik kan, het was alleen wachten wanneer ik het kon laten zien.

Rodney Kongolo

Rodney Kongolo is berne yn Rotterdam, mar hat gjin spesjale gefoelens foar Sparta. "Ik kom uit Zuid, daar zijn ze voor Feyenoord. Ik ben niet echt fán van Sparta." Ferline seizoen kaam Kongolo amper yn 'e plannen fan de trainer (Jan Olde Riekerink) foar, dit seizoen is alles oars.

Kongolo hat alles noch spile, syn namme stiet sawat as alderearste op it wedstriidformulier. "De trainer heeft vertrouwen in me en ik heb tot nu toe laten zien dat ik er sta. Dat kwam voor mij niet als een verrassing. Ik weet wat ik kan, het was alleen wachten wanneer ik het kon laten zien."

"Lastig potje"

Sparta is de nûmer alve fan de kompetysje. De ploech fan Henk Fräser spile ferline wike noch mei 2-2 lyk tsjin PSV. "Ze hebben een goed team. Ze hebben veel fysieke spelers en de organisatie staat goed. Het wordt een lastig potje."

Nei de wedstriid tsjin de Rotterdammers wacht der in dreech programma. SC Hearrenfean giet dan earst op besite by PSV, dêrnei folget in thúswedstriid tsjin Vitesse.

Sherel Folranus is de lêste wiken ferhuze fan de rjochter- nei de linkerkant. In opmerklike omsetting, om't Floranus in min seizoen efter de rêch hat (Jansen: "Hij komt uit de blubber") en dit seizoen foar it earst by Hearrenfean syn draai fûn hat.

"Het is niet de bedoeling om Sherel om te turnen tot linksback. We denken dat dit op dit moment het beste is voor het elftal. Ricardo (van Rhijn) klopt op de deur, daar ben ik heel tevreden over. Dat is teleurstellend voor Lucas (Woudenberg), maar ons ons nu de taak om Lucas de volgende stap te laten maken."

Jong Oranje

Floranus is opnommen yn 'e seleksje fan Jong Oranje foar de wedstriden tsjin Jong Gibraltar en Jong Ingelân. De útwedstriid tsjin Jong Gibraltar is in EK-kwalifikaasjewedstriid en wurdt spile op tongersdei 14 novimber. De oefenwedstriid tsjin Jong Ingelân is fiif dagen letter yn Doetinchem.

Ferwachte opstelling: Hahn, Van Rhijn, Botman, Dresevic, Floranus, Faik, Kongolo, Veerman, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid is sneon fan 18.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân radio. It kommentaar wurdt fersoarge troch Arjen de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)