Oranjefroulju winne mei meunsterskoare fan Turkije, twa goals fan Spitse

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe ek harren fyfde kwalifikaasjeduel op wei nei it Europeesk kampioenskip fan 2021 wûn. De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman wie Turkije mei 8-0 de baas. Friezinne Sherida Spitse skoarde twa kear.
Sherida Spitse yn de earste wedstriid tsjin Turkije © Orange Pictures
Yn septimber waard it op It Hearrenfean 3-0 en dat stie it yn Izmir al by it skoft. Goed tweintich minuten koe de nûmer 64 fan de wrâld steande bliuwe, mar dêrnei gie de oanfal fan Oranje as in mes troch de bûter.
Njonken de twa goals fan Spitse skoarden Shanice van de Sanden, Vivianne Miedema (twa kear) en Daniëlle van de Donk (trije kear). Spitse joech de assist foar de tredde goal fan Van de Donk.

Earste yn de pûl

Nederlân stiet mei fyftjin punten út fiif wedstriden boppe-oan yn de pûl fan seis lannen. Slovenië stiet mei seis punten op it twadde plak, mar hat noch wol in wedstriid tegoed. De nûmer ien pleatst him direkt foar it Europeesk kampioenskip.
De Oranjefroulju spylje tiisdei yn it GelreDome yn Arnhem de sechde kwalifkaasjewedstriid. Dan is nûmer twa Slovenië de tsjinstanner.