Wetterskip set fleantúch yn: CO2-útstjit yn kaart brocht

Wetterskip Fryslân hat freedtemiddei mei in fleantúch oer it feangreidegebiet tusken Snits, Wolvegea en Drachten flein. Doel wie om de útstjit fan koaldiokside fan it gebiet yn kaart te bringen.
Mei in fleantuch oer it feangreidegebiet om koaldiokside te mjitten
It giet om in nije mjitmetoade. Op de grûn is it Wetterskip mei ferskate apparaten al in pear jier dwaande mei de mjittingen. Troch it ferskaat oan mjittingen ûntstiet in sa betrouber mooglik byld fan de CO2-útstjit yn it feangreidegebiet. Ek de Universiteit Wageningen is by it ûndersyk belutsen.

49 persint minder CO2-útstjit

De mjitgegevens moatte sjen litte hoe't de útstjit fan CO2 út it feangreidegebiet it bêste fermindere wurde kin. Yn it Nationale Klimaatakkoord is fêstlein dat der oer tsien jier 49 persint minder CO2 frijkomme mei. Maatregels yn it feangreidegebiet moatte dêrby helpe.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Projektlieder Niek Bosma leit út: "Wy bringe de útstjit hjir mei fjouwer metoaden yn kaart. Dy wurde allegear op inoar ôfstimd. Dat binne metoaden dy't oer de hiele wrâld brûkt wurde. En dat dogge wy op fiif plakken yn Nederlân, om in sa goed mooglik byld te krijen hoe it no sit mei dy koaldiokside-útstjit."

'Modellen zijn moeilijk te begrijpen'

Yn de lanlike stikstofdiskusje is der in soad krityk op de mjitmetoades fan it RIVM. Die soene te algemien wêze en net kloppe. Mei troch de meardere mjitmetoades tinkt it Wetterskip dy krityk foarkomme te kinnen, mar it bliuwt altyd lestich, sa tinkt ek ûndersiker Bart Kruijt fan de Universiteit Wageningen.
"Je hebt te maken met modellen. Zowel voor stikstof- als voor CO2-uitstoot. Die modellen zijn noodzakelijkerwijs algemeen, want je kunt niet overal heen om metingen te doen. De modellen die het RIVM gebruikt zijn behoorlijk gedetailleerd, maar het probleem is het bepalen waar de stikstof die in een natuurgebied neerkomt vandaan komt. Bij CO2 kijken we alleen waar het vandaan komt, dat is eenvoudiger."
Undersiker Bart Kruijt fan de Universiteit Wageningen
Kruijt begrypt dat minsken net altyd fertrouwen yn de modellen hawwe: "Modellen zijn moeilijk te begrijpen. Het vertrouwen zit hem er vooral in dat het een gemiddelde geeft, terwijl jij als individuele landgebruiker misschien denkt dat het voor jou niet opgaat. En het kan ook heel goed zijn dat het voor een specifiek natuurgebied anders is dan voor het landelijk gemiddelde. Ze zeggen wel eens, meten is weten, maar dan moet je wel goed meten en wat je meet. Discussie zal altijd mogelijk zijn, maar om te zeggen dat een model niet betrouwbaar is, dat gaat mij te ver."

Undersyk giet noch wol even troch

It plan is om takom jier alle twa moannen ûndersyk te dwaan. Sa moat ûnder oaren dúdlik wurde hoefolle ferskil der sit yn CO2-konsintraasje, yn fergelyk mei de klaai en it sân. Ek oare provinsjes kinne dan fergelike wurde, wêrby de Universiteit Wageningen by alle testlokaasjes belutsen is.