Mondriaanfûns stipet Fryske musea mei mear as twa ton

It Fries Museum en keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert krije mei-inoar 214.000 euro fan it Mondriaanfûns om harren kolleksjes út te wreidzjen. In bedrach fan 124.000 euro giet nei it Fries Museum, om mear wurk te meitsjen fan byldzjende keunst. Keramykmuseum Princessehof kriget 100.000 euro om de kolleksje keramyk út it Midden-Easten út te wreidzjen.
© Omrop Fryslân
De musea moasten in goed oankeapplan ynleverje by it Mondriaanfûns, sadat it fûns bydrage koe oan de kolleksje foar 2020-2021. De plannen fan de twa musea waarden goedkard en no kin sawol it Fries Museum as it keramykmuseum nije oankeapen dwaan.

Mondriaanfûns posityf

De ferklearringen fan it Mondriaanfûns binne posityf. Oer it Fries Museum sizze sy it folgjende: "De commissie waardeert de manier waarop het Fries Museum kunst, cultuur en geschiedenis van Friesland laat leven en zo een actieve rol speelt in de samenleving".
Oer keramykmuseum Princessehof is it fûns ek út de skroeven: "De commissie waardeert het collectie- en presentatiebeleid van het Princessehof, waarbij de relatie Oost-West centraal staat".
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum en it Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert