Ried fan kommissarissen SC Cambuur noch altyd sûnder foarsitter

08 nov 2019 - 17:53

Sportklup Cambuur is noch altyd op syk nei in foarsitter foar de ried fan kommissarissen. Freed makke de klup bekend dat Harry van der Zee as fjirde lid taheakke wurdt oan it tafersjochhâldende orgaan. Boppedat bliuwt Jan Koster gewoan oan as kommissaris. Hy soe ôfskied nimme nei oanlieding fan de rebûlje yn juny, mar bliuwt nei in goed petear dochs oan.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrmei bestiet de ried fan kommissarissen fan de Ljouwerters no út Bert Hollander, Gerrit Krol, Koster en Van der Zee. Dy lêste is direkteur fan AB Texel Transportgroep en ek as sponsor ferbûn oan Cambuur. Hy sil him as kommissaris dwaande hâlde mei de kommersjele saken. In kommissaris op dat mêd hie prioriteit.

Oanbliuwen Koster

Dat Koster oanbliuwt, is opfallend. Hy soe syn wurksumens dizze simmer oerdrage en dan ophâlde, om't er him yn juny ek net fine koe yn de bestjoerswize fan de klup. Mar dêrop is hy werom kaam.

"Wy hawwe yn in goed petear de kjeld út 'e loft helle, wêrtroch my no neat mear yn it paad sit om myn termyn ôf te meitsjen", sa seit Koster, dy't neffens de regleminten noch twa jier oanbliuwt.

In foarsitter is der allinne noch altyd net. Sûnt Johan Schikker fiif moannen lyn per direkt opstapte, is der noch gjin ferfanger fûn. Dat blykt dreech te wêzen. Koster: "Se steane net mei tsien yn de rige, nee. Mar wy wolle ek net oerhaaste. Dat we in goeie kandidaat fine, fine we wichtiger."

(advertinsje)
(advertinsje)