Spoaroergongen Werpsterhoeke en Barrahûs ferdwine

08 nov 2019 - 17:37

Oan de westkant fan de Súdlannen yn Ljouwert wurdt wurke oan in fyts-fuotpaad tusken de Uniadyk en de Brédyk. It paad sil fia it Soldatepaad oanslute op de fytstunnel ûnder it spoar dat ûnderdiel is fan it takomstige stasjon Werpsterhoeke, dat skriuwt it Wijkpanel De Zuidlanden.

Foto: Martin Tiekstra

Yn de takomst sille ek de spoaroergongen by Werpsterhoek en Barrahûs ôfsletten wurde. It is de bedoeling dat, mei dit nije paad, der ek nei dizze ôfsluting fan Techum út in goeie fyts- en kuierrûte nei de westkant fan it spoar beskikber is. De Swette en de húsdokters yn Wytgaard, dy't ek in praktyk hawwe yn de Techumerpleats, bliuwe sa ek fan de Súdlannen út goed berikber.

It paad makket gebrûk fan in histoarysk stikje. Dit wie eartiids ûnderdiel fan in paad tusken Barrahûs en Swichum. De ferbining is yn earste ynstânsje tydlik en wurdt realisearre yn ôfwachting fan de definitive ferlinging fan it besteande fytspaad by it Alddjip del.

(advertinsje)
(advertinsje)