LDODK stiet nei 7 jier wer tsjinoer Tempo, no yn de Kuorbal League

08 nov 2019 - 17:15

Yn 2012 stiene de kuorballers fan LDODK fan De Gordyk en Terwispel tsjinoer de spilers fan Tempo fan Alphen aan den Rijn. De wedstriid gie om promoasje nei it heechste nivo. De Gordyksters wisten doe de earste Fryske ploech yn de Kuorbal League te wurden. Mar Tempo is ôfrûne seizoen lang om let ek promovearre. Sneon treffe de ploegen inoar wer. Mei twa haadrolspilers fan doe sjogge wy werom én foarút.

Yn april 2012 moasten de Fryske kuorballers yn de krúsfinales winne fan Tempo foar dizze promoasje. Yn in bêste-fan-trije wûn LDODK, yn in thriller nei ferlinging mei 23-22. Dêrnei wisten de Gordyksters troch winst op OVVO yn de finale de earste Fryske ploech yn de Kuorbal League te wurden. Dêr spylje sy yntusken al sân jier. Fan de hjoeddeiske seleksje fan LDODK stiene allinnich André en Erwin Zwart doe ek al yn it fjild.

De reportaazje fan 2012 is hjir nochris werom te sjen:

De Kuorbal League bestiet út 10 ploegen. Tempo en Groen Geel debutearje op it heechste nivo.

De boppeste fjouwer teams spylje nei de reguliere kompetysje yn de play-offs om in plak yn de finale op 4 april 2020 yn Ahoy yn Rotterdam. De nûmer 10 degradearret, en de nûmer 9 spilet play-down tsjin de ferliezend haadklasse- finalist.

Kuorbal League 2019/2020

1. Blauw Wit (Amsterdam)
2. DOS'46 (Nijeveen)
3. DVO (Bennekom)
4. Fortuna (Delft)
5. Groen Geel (Wormer)
6. KZ (Koog a/d Zaan)
7. LDODK
8. PKC (Papendrecht)
9. Tempo (Alphen a/d Rijn)
10. TOP (Sassenheim)
Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League KV Tempo
(advertinsje)
(advertinsje)