Museumdirekteur ferbiedt hynstehert yn keunstwurk, keunstner net teloarsteld

08 nov 2019 - 19:59

Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum hat ferbean dat der in hert fan in Frysk hynder ferwurke wurde soe yn in keunstwurk yn it museum. It giet om it keunstwurk Us Heit fan de Belgyske keunstner Éric Van Hove.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Dat bestiet út sawat trijehûndert ûnderdielen fan it motorblok fan in lânboumasine. Van Hove hie yn de tsjelk fan it motorblok in hert fan in Frysk hynder hawwe wollen. Direkteur Callens woe dat net lije, om't hy benaud wie dat dat protesten fan biste-aktivisten útlokke soe.

Van Hove: "Net teloarsteld"

Éric Van Hove is net teloarsteld dat syn idee net mocht fan Callens. "Ik haw it foarsteld", sa fertelde hy. "It museum wie net wis hoe't se dermei omgean woene. Ik bin net teloarsteld; as artyst is it net myn doel om nuvere reaksjes op te roppen. Dat wie net myn ynstek."

Keunstner Van Hove hat moannen wurke oan it motorblok. Hy wol mei syn wurk de wearde fan it ambacht toane.

Film

De film 'Hert & Siel' (en de keunst fan it motorûnderhâld) folget de bou fan 'de Fryske motor'.

Keunstner Éric Van Hove

Dokumintêremakker Bart Kingma

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
(advertinsje)
(advertinsje)