Gipsôfdruk weardefol by boarstamputaasje: foar proteze en ferliesferwurking
Gipsferbânmaster Baukje Oosterkamp út Bontebok hat in priis krigen foar har wurk foar froulju mei boarstkanker. Se makket gipsôfdrukken fan de froulju foardat dy in boarstamputaasje ûndergean moatte. De ôfdruk wurdt brûkt foar it meitsjen fan boarstprotezen op maat, mar kin ek helpe by it ferwurkjen fan it ferlies.
De gipsmaster fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean krige de priis fan de Fryske ôfdieling fan Zonta, in ynternasjonaal netwurk foar frouljusrjochten, dat dizze freed hûndert jier bestiet. Se fine dat Oosterkamp bysûnder en wichtich wurk docht en wolle der mear bekendheid oan jaan. Neffens Zonta witte in soad froulju net dat der boarstprotezen op maat makke wurde kinne.
Oosterkamp kaam op it idee troch in kollega dy't tsjin har sei dat der yn Limboarch boarstprotezen makke wurde. Ek krige se yn har eigen famylje te meitsjen mei boarstkanker. Se hat har der yn ferdjippe en is hiel bliid dat it sikehûs it oppakt hat. "It is in hiele stap foarút. Minsken mei in amputaasje oan 'e foet of ûnderskonk krije ek in proteze op maat."
In boarstamputaasje is yngripend en froulju dy't der mei te krijen ha, geane faak troch in emosjoneel proses. De gipsôfdruk kin se helpe by it ferwurkjen fan it ferlies. Se kinne de gipsôfdruk bygelyks beskilderje of der op oare kreative wize mei oan 'e slach.