Sabine Hardus stiet stil by 30 jier 'Mauerfall'

08 nov 2019 - 16:05

Tritich jier lyn gie ûnferwachte de Berlynske Muorre iepen. Foar Sabine Hardus-Konschak út Ljouwert, dy't opgroeide yn de DDR, wie it in nacht fol emoasjes. Sy moast gûle, om't sy har realisearre dat sy 'tritich jier foarliigd' wie yn har heitelân, mar se wie ek bliid dat der in ein kaam oan de 'steat fan boeren en arbeiders,' dy't neffens har folslein fêst rûn wie.

Sabine Hardus hat in hiel bysûnder oantinken oan de DDR yn hûs: in dossier fan 800 siden fan de geheime tsjinst Stasi oer harsels. Frou Hardus waard sûnder dat se it wist fiif jier lang bespionearre troch mar leafst sân 'Informelle Mitarbeiter' fan de Stasi en thús ôfharke. Har relaasje mei de Nederlanner Hans - no har man - fûn de Stasi sa nijsgjirrich dat alle leafdesbrieven iepenmakke binne en oerset yn it Dútsk opnommen waarden yn it Stasi-dossier.

Fertelle en warskôgje

Frou Hardus fynt it wichtich om ek mear as 30 jier letter te fertellen oer har ûnderfiningen mei de Stasi en te warskôgjen foar 'regearingen dy't har tefolle mei it libben fan boargers bemuoie'. De fal fan de muorre yn 1989 die har in soad. "Pas toen had ik door dat ik 30 jaar lang was voorgelogen."

In petysje-idee feroare alles

As famke leaude Sabine Hardus noch yn it kommunisme. Se wie lid fan de Freie Deutsche Jugend FDJ en siet sels in jier op de akademy fan de FDJ. Mar Hardus wie kritysk oer it útwizen fan de bekende sjonger Wolf Biermann, dy't nei in pear optredens yn it westen net mear wolkom wie. Tsjin freonen en kollega's sei sy dat it tiid waard foar in petysje om Biermann yn de DDR te hâlden. De petysje kaam der nea, mar foar de Stasi wie it idee om in petysje te hâlden oanlieding om Hardus jierren efterinoar yn de gaten te hâlden en dwers te sitten.

Geen periode in mijn leven is zo goed gedocumenteerd als die vijf jaar. Niet door mijzelf, maar door de Stasi.

Sabine Hardus-Konschak fan Ljouwert
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Spionaazje

Pas nei it opheljen fan it dossier op it Stasihaadkantoar yn Berlyn waard dúdlik hoe fier oft dat gie. Har sjef wie ien fan har ynformanten en waard ek twongen om mei te wurkjen. Yn it dossier wurdt ek besocht om Hardus te linken oan mooglike 'opposysjegroepen' dy't earder fantasy fan de Stasi as realiteit wiene. Mear as tritich jier nei dy tiid sjocht Hardus ek hoe absurd de Stasi-operaasje wie. "Geen periode in mijn leven is zo goed gedocumenteerd als die vijf jaar. Niet door mijzelf, maar door de Stasi."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Kultuershock

Se naam de ûnderfining fan 30 jier DDR mei nei Nederlân, doe't se lang om let tastimming krige om by har Nederlânske man Hans te wenjen. "Het was in het begin wel een cultuurschok. In de DDR besloot de staat alles, in Nederland moet je zelf vormgeven aan je leven." Mar dat slagge. As dosinte filosofy yn Ljouwert stimulearre se jierren har learlingen om benammen sels kritysk nei te tinken oer libben, maatskippij en filosofyske ideeën.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Harkje nei it ferhaal fan Sabine Hardus-Konschak

(advertinsje)
(advertinsje)