Doarpsbelang Steggerda keapet skoalle foar behâld fan mienskipsfoarsjenning

08 nov 2019 - 15:59

Doarpsbelang Steggerda hat mei de nije stichting Onderdak Steggerda de skoalle MFC Multisteck kocht. It doel fan doarpsbelang is it behâld en útwreidzjen fan de maatskiplike foarsjenning yn it doarp.

Foto: Lourens Looijenga

De basisskoalle De Triangel bestiet sûnt 1 augustus net mear. Neist de ferhier fan de romten yn it gebou wol doarpsbelang in moetingsplak foar ynwenners fan Steggerda realisearje. Utgongspunt is ek dat de hierders dy't der no wenje, bliuwe kinne. As oanfolling is der in organisaasje foar deibesteging ree fûn it leechsteande part fan it gebou te hieren.

Doarpshûs

It kolleezje sprekt oer in multyfunksjoneel sintrum foar Steggerda, wylst doarpsbelang it, wat ferwarrend, no in doarpshûs neamt. Dat lêste kin neffens it kolleezje konkurrearjend wêze mei oare foarsjenningen yn it doarp en dat is net de bedoeling. Doarpsbelang jout neffens it kolleezje oan dat dit net de yntinsje is, mar as it gebou de funksje fan doarsphûs krijt, kin der ûnder de betingsten ek gjin berop dien wurde op de subsydzje Harten 10; in subsydzje foar doarpshûsorganisaasjes.

De plannen binne posityf ûntfongen. "Het pand dient geen gemeentelijk beleidsdoel meer en komt daarom voor verkoop in aanmerking. Vervolgens hebben wij het pand MFC Multisteck met omliggend schoolplein in deels verhuurde staat te koop aangeboden aan Dorpsbelang Steggerda."

It oanbod is it gebou mei skoalplein tsjin de taksearre merkwearde fan 270.000 euro te ferkeapjen, mei it ûntbinende betingst dat de gemeenteried fan Weststellingwerf ynstimt mei de ferkeap.

Yn de ried

Eins hoecht de ried dêr neat fan te finen, om't it kolleezje formeel it foech hat ta it ferkeapjen fan ûnreplik guod. Mar it kolleezje fynt it yn dit gefal wol winsklik dat de ried der mei ynstimt. In net-iepenbiere ferkeap is neffens it kolleezje talitber, sjoen de maatskiplike doelstelling fan doarpsbelang Steggerda en it hantearjen fan in merkkonfoarme ferkeappriis. De ferkeap wurdt op 18 novimber yn de riedskommisje besprutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)