"Goede basis foar gearwurking yn Fryske jeugdsoarch"

08 nov 2019 - 15:03

Yn Fryslân leit der in goede basis foar in bettere gearwurking op it mêd fan de jeugdsoarch. Dat skriuwt wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert yn in brief oan alle Fryske gemeenten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De brief is in reaksje op it tige kritysk rapport fan de ynspeksjes sûnenssoarch en jeugd, en justysje en feiligens. Dat rapport waard freedtemoarn iepenbier makke. De ynspeksjes binne dêryn tige kritysk oer hoe't it no giet yn de jeugdsoarch. Sa wurde bern fergetten, besteane der te lange wachtlisten en wurde maatregels, dy't needsaaklik binne, net nommen.

Regionaal gearwurkje

De minister wol no yngripe by de jeugdsoarch en ien fan de maatregels is dat der mear regionaal gearwurke wurde moat. Neffens Tjeerdema is dat yn Fryslân goed mooglik. De minister wol noch mear maatregels nimme, mar hoe't dat allegear foar Fryslân krekt útpakt moat letter dúdlik wurde, sa skriuwt Tjeerdema.

(advertinsje)
(advertinsje)