HEA! Frijwilliger Kitty is oeral
Je hawwe frijwilligers en je hawwe superfrijwilligers. Kitty Berger is ien fan de lêste kategory. Sy set har foar ferskate dingen yn, mar benammen foar kulturele eveneminten. By it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert is se ek wer yn't spier as gastfrou. Kitty genietet noch it measte fan de kontakten mei it publyk.