Oaljeplak fan 100 by 20 meter driuwt yn Willemshaven fan Harns

08 nov 2019 - 14:17

Yn de Willemshaven fan Harns driuwt oalje op it wetter. Rykswettersteat krige freedtemoarn om 9.00 oere hinne in melding fan de oalje en hat oannimmer BDS Harlingen ynskeakele om it op te romjen. Wêr't de oalje weikomt is noch net bekend. Der binne meunsters nommen om te ûndersykjen om wat foar oalje it giet en wêr't it krekt wei komt.

De Nieuwe Willemshaven - Foto: Jannette van der Ploeg

BDS Harlingen is daalks oan de slach gien mei it opromjen fan de oalje. "We hebben geluk dat het tij gunstig is, niet naar zee, maar naar binnen," fertelt Baudina Schaafsma fan Rykswettersteat. It oaljeplak beslacht in opperflakte fan ûngefear 100 meter by 20 meter. BDS Harlingen hat skermen pleatst om it oaljeplak sa gau as mooglik yn te damjen sa't de oalje net fierder ferspriedt.

Meunsters nommen

"We weten niet om wat voor olie het gaat maar we doen er alles aan om de dader op te sporen," seit Schaafsma. It is noch net bekend wat foar oalje it krekt is, mar it liket op it earste each om in tsjustere oalje. "Het is heel donkere, zwarte olie". Fan de oalje binne meunsters nommen om te efterheljen wêr't de oalje weikomt. "De monsters gaan naar het lab in Lelystad waar ze onderzocht worden. Daar krijgen we volgende week uitslag van. Daarna kunnen we kijken wie de veroorzaker is en een strafrechtelijk onderzoek doen".

"Het is lastig vast te stellen waar het vandaan komt," seit Johan van den Akker fan Rykswettersteat. "Het is bij daglicht ontdekt, maar het kan er 's nachts al hebben gelegen. Daarom hebben we ook monsters genomen uit schepen die er een ligplaats hebben, misschien kunnen we een match vinden."

Skea beheind

Van den Akker: "Het werk vordert behoorlijk goed. De weersomstandigheden zijn gunstig, door de wind is de olie voornamelijk tegen de kade blijven plakken. Dus gelukkig is er niets de haven uit ontsnapt."

Dat komt neffens Van den Akker ek troch it flugge hanneljen fan de Haventsjinst. "De Havendienst heeft er erg adequaat op gereageerd. Men heeft meteen vanaf schepen olie-absorberend materiaal in de vlek gegooid. Vervolgens hebben wij als Rijkswaterstaat opgeschaald en is er een scherm van 160 meter om de vlek heen aangebracht. Daar zijn we nu mee aan het ruimen."

Johan van den Akker fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)