Freedsmerk oer mantelsoarch: "Soarget der letter noch ien foar my?"

08 nov 2019 - 14:06

Langere tiid ûnbetelle help en soarch ferliene oan minsken om jo hinne: dat is mantelsoarch. En dizze wike is dêr wat ekstra omtinken foar, om't it de saneamde 'Wike fan de Mantelsoarch' is. Ut ûndersyk docht bliken dat de groep dy't dêr ôfhinklik fan is, folle hurder groeit as de groep dy't de soarch biede kin. "Tja, as der yn de húshâlding immen ynienen soarch nedich hat, dan hawwe jo in probleem. Elts hat syn drokte mei wurk en skoalle en sa. Mar as de need it heechst is, is de rêding tichby!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In man dy't syn frou yn de rolstoel oer de merk triuwt, merkt op dat hy as mantelsoarger syn frou 'bewekket'. "Ik doch it graach hear en oars komt se der net út, no." In frou fan 95 út Oentsjerk is mei har skoandochter op 'e merk. Ek sy sit yn in rolstoel en is tige wiis mei de help dy't se krijt. "As it sa wat fierder 'reilt en zeilt', smyt ik der noch mar in jier tsjin oan!"

Kritysk

Der wiene ek krityske lûden: "De oerheid lûkt har hieltyd fierder werom en giet der mar fan út dat elts syn mantelsoargers wol hat. En as je der ienkear oan begjinne, komme je der ek noait wer ôf, Dan sizze se: it giet ommers moais sa!" In frou fertelde wol wat benaud te wêzen dat se allinnich oerbliuwt: "Ik bin de jongste en haw gjin bern. Ik hoopje al dat letter noch immen is dy't wat om my tinke wol...."

Freedsmerk oer Mantelsoarch

(advertinsje)
(advertinsje)