Gemeente Ljouwert slút opnij drugspân

In loads oan de Meester P.J. Troelstrawei yn Ljouwert giet foar seis moanne op slot. Dat hat boargemaster Sybrand Buma bepaald. Yn de loads waard earder dit jier in drugslaboratoarium fûn.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn it laboratoarium stiene ûnder oare grûnstoffen foar de produksje fan amfetamine.
Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân docht bliken dat Fryske gemeenten dit jier al twa kear safolle drugspannen sletten hawwe as twa jier lyn. De measten dêrfan steane yn de stêd Ljouwert.