Voedselbank Smellingerlân tige tankber foar nije transportbus

Voedselbank Smellingerlân nimt freedtemiddei in nije bestelbus yn gebrûk. It giet om in transportbus mei in kuol- en in friesromte. Hy koste mear as 50.000 euro, en it wie noch in hiele toer om dat bedrach byinoar te krijen. Mar ponghâlder Oebele Hooijenga is tige wiis dat it slagge is.
Voedselbank Smellingerlân © Voedselbank Smallingerland
"It hat wat fuotten yn de ierde hân," seit ponghâlder Oebele Hooijenga fan de Voedselbank. "Ik hie der pine yn it liif fan, want de bus wie wol nedich, want oars kinne wy gjin boadskippen by de bakker en de slachter wei helje. It moast fansels ek in kuol-friesauto wêze, want foar de NVWA en foar ús sels moat it fansels ek wol goed wêze."

Grutte en lytse bydragen

Neffens Hooijenga wie de âlde transportwein út 2004 hast op. "Lang om let hawwe wy 10.000 euro krigen fan Rotary, wy hawwe dit jier noch in legaat fan de tsjerke ûntfongen fan goed 20.000 euro en Voedselbank Nederland hat ús ek noch stipe. Doe kamen wy út en koene wy in nije wein keapje. Dêr binne wy tige wiis mei," seit Hooijenga.
De grutte donaasjes binne neffens de ponghâlder tige wichtich. "Want 50.000 euro, dat is nochal wat. Wy kinne net sûnder de grutte legaten. Wy binne lykwols ek tige wiis mei de lytse bedraggen, want de auto moat ek ride en der moat ek wegebelesting betelle wurde."

'In soad minsken wolle goed dwaan'

Fierder hat in reklameburo holpen om de auto te beletterjen. "Dat is sa moai. In soad minsken wolle goed dwaan. It nijs wurdt faak behearske troch rampen en negatyf nijs, mar der binne ek in soad minsken dy't echt wat dwaan wolle. Mar jo moatte wol trochsette," seit Hooijenga. Der binne goed 80 frijwilligers by Voedselbank Smellingerlân.
Freed is der in tal sponsors útnûge by it ûntbleatsjen fan de wein. Ek wurdt der noch in kop kofje en in gebakje nuttige mei de frijwilligers.
Ponghâlder Oebele Hooijenga fan Voedselbank Smellingerlân