Grut Amerikaansk drumkorps Blue Devils wol op 'e nij nei Ljouwert

08 nov 2019 - 11:40

It wrâldferneamde drumkorps Blue Devils út it Amerikaanske Concord wol takommende simmer wer nei Ljouwert komme mei it International Corps. De Amerikanen binne fan plan om mei in groep fan 100 muzikanten en performers in wike lang te ferbliuwen yn de Fryske haadstêd. Yn 2015 brocht it korps ek in besite oan Ljouwert.

Blue Devils - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Tongersdei waard in diel fan it drumkorps mei in wurkbesite ferwolkomme troch kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma. Dêrby makket de stichting Proud Event, dy't it ferbliuw begeliede sil, bekend dat se mei 'The Battle' ein juny 2020 in nije evenemint lansearje wolle. De Blue Devils binne dan de haadakt fan it earste (Iepen) NK Drumbattle.

"We willen de Blue Devils, net zoals in 2015, weer een week lang onderdak bieden", seit Piet van Houten fan Proud Event. "Het zogeheten International Corps zal eind juni meerdere keren gaan optreden in Leeuwarden. Ook willen we weer clinics en masterclasses regelen. Hoogtepunt wordt echter 'The Battle': het eerste NK Drumbattle met extra optredens van de Blue Devils, waaronder hun speciale show."

Der wurdt gearwurking socht mei it Fryske muzykbûn OMF en de KNMO (lanlike muzykbûnen).

Drumbattles

Yn Amearika fine al in soad drumbattles plak. Yn Europa is it noch in frij nij ferskynsel. By in drumbattle stride twa slachwurkgroepen, faak ûnderdiel fan in sjokorps, tsjin inoar yn in battle. By it bepalen fan de winner spilet de ynteraksje mei it publyk in grutte rol.

Wethâlder Feitsma ûntfong tongersdei trije leden fan de direksje fan de Blue Devils. De A-seleksje fan it korps waard ôfrûne simmer wrâldkampioen. It International Corps is in op himsels steande ôfdieling binnen de organisaasje fan de Blue Devils, dêr't ek de fêste muzikanten en dûnsers fan A-team in spesjale audysje foar dwaan moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)